Kultuer yn eigen doarp. Dêr set Dreamteater Akkrum har graach foar yn. Want kultuer libbet by de ynwenners fan Akkrum en Nes. Mei-inoar wat moais kreëarje; fan toaniel oant muzyk, fan teater oant in festival, binnen en bûten, yn it Frysk en yn it Nederlânsk, foar jong en âld. By Dreamteater Akkrum kin it. Sa helje wy nijsgjirrige produkjes nei Akkrum ta of we meitsje se sels. Mar we dogge it altyd mei ús allen. Dat is mienskip, dat is Dreamteater Akkrum.
Frysktalig teaterprogramma Ubuntu yn de Terptsjerke yn Akkrum.